
| Moai yn septimber (1994)Roel Slofstra sjongt Sybe Krol. Sybe Krol wie dichter, oersetter meast út it Deensk, Noarsk en Ingelsk, literatuerbesprekker en skriuwer fan lietteksten. Dêrnjonken siet er fan 1974 oant en mei 1981 yn 'e redaksje fan it literêr tydskrift Hjir. Fuort dêrnei waard er foarsitter fan de útjouwer fan dat blêd, de stifting Hispel. Dyselde stichting hat it ynisjatyf nommen om dizze kompakt skiif Moai yn septimber út te jaan. Sybe syn lietteksten kinne karakterisearre wurde as byldzjend, sjongsum, goed yn it gehoar lizzend, ynnimmend, myld en gefoelich. Guon fan Sybe syn lieten binne op 'e plaat set troch de folkgroep Irolt èn troch Roel Slofstra. Roel, dy't jierren mei Sybe tegearre wenne hat, bringt op dizze skiif nochris 18 fan Sybe syn neilitten teksten ta klinken.
|